Westra tekenet by Astana

01 aug 2013 - 09:33

Lieuwe Westra hat in nij kontrakt by Astana út Kazachstan. De hurdfytser fan De Tynje hat foar twa jier tekene. Westra komt oer fan Vacansoleil. Dy ploech hâldt dermei op. Westra krige yn 2009 syn earste profkontrakt. Foar Vacansoleil waard er twa kear Nederlânsk kampioen tiidriden, wûn er in etappe yn Parys-Nice en de Ronde fan Denemarken.

By Astana hat Westra de ôfspraak dat er yn 2014 de Tour de France rydt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)