SC Cambuur wol Lukoki fan Ajax

01 aug 2013 - 09:11

Sportklup Cambuur soe Jody Lukoki fan Ajax graach oan de seleksje taheakje wolle. De Ljouwerters binne yn petear mei Ajax om de fleugeloanfaller foar in seizoen te hieren. Lukoki spile oant no ta 24 kompetysjewedstriden foar de Amsterdammers en makke dêryn fiif doelpunten. By Ajax komt hy net yn oanmerking foar in basisplak.

Cambuur hopet ek noch altyd op de komst fan Marcel Ritzmaier fan PSV. De klups binne it al iens oer in ferhier, mar PSV-trainer Philip Cocu wol de middenfjilder foarearst noch net gean litte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)