Bleate Belch leit PC stil

31 jul 2013 - 18:29

In 44-jierrige dronken, bleate Belch hat woansdei de finale fan de PC fersteurd. De man rûn rûn it keatsfjild op, sadat de wedstriid stillein wurde moast. De plysje hat de bleate Belch meinaam nei it plysjeburo. Dêr moat er sitten bliuwe oant er wer nuchter is. De man kriget in boete foar iepenbiere dronkenskip.

Finalist Cornelis Terpstra lake breedút om de bleatrinner. De spilers fan de tsjinpartij, it partuer fan Johan van der Meulen, liken fersteurd te wêzen yn harren konsintraasje.

Trefwurden: 
keatsen PC
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)