Warskôging foar surfers

31 jul 2013 - 18:01

De provinsje warskôget swimmers by it badpaviljoen fan Hylpen foar surfers en kitesurfers. Der is wol in ôfskieding, mar dy is hast net te sjen. Dêrtroch wurdt tusken de swimmers surft en dat kin gefaarlike situaasjes opsmite.

Der soe gjinien te finen wêze dy't ferantwurdlik is foar dy situaasje en dy't dêrop oan te sprekken is. De provinsje hat der no in warskôgingsboerd delset.

Trefwurden: 
Hylpen swimme surfe
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)