Favoriten lizze derút op PC
It favorite partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger is ferrassend útskeakele foar de finale fan de PC. Tjisse Steenstra, Jacob Wassenaar en Cornelis Terpstra wiene harren oermânsk mei 5-3 en 6-4.
Steenstra-en-dy moatte it yn de finale opnimme tsjin Johan van der Meulen, Renze Hiemstra en Hylke Bruinsma.