Oarsaak akwaduktûngelok bekend

It akwadukt dêr't 30 sm wetter yn stie © Google Street View
It ûngelok fan ôfrûne nacht yn it akwadukt by Akkrum komt troch in útfallen haadskeakelaar yn it pompsysteem. Dêrtroch kaam 30 sintimeter wetter yn it akwadukt yn de A32 te stean en fleach in frou fan 48 út Stienwyk mei de auto oer de kop. De frou rekke net ferwûne. Oare auto's hiene ek lêst fan it wetter yn it akwadukt. In man fan 47 jier út Frjentsjer botste tsjin de fangrail en skeat dêrnei de berm yn.
Rykswettersteat ûndersiket hoe't de haadskeakelaar útfalle koe. Soks kin as it wjerljocht ynslacht.