Tolve ferwûnen by Ingelum

Bus yn sleat by Ingelum © Omrop Fryslân, Dirk Hofstede
By it busûngelok fan woansdeitemoarn yn Ingelum binne tolve passazjiers licht ferwûne rekke. Dat hat de plysje niiskrekt bekend makke. Earder waard nei bûten brocht dat it om trije ferwûnen gie. Alle ynsittenden koene op it plak sels behannele wurde. It giet om Arubaanske studinten dy't troch de bus fan Schiphol helle wiene. Se soene nei in kampearbuorkerij yn Ingelum.
Ut ûndersyk fan de plysje hat bliken dien dat de sjauffeur de bocht te krap naam en mei de achtertsjillen troch de berm ried. Dêrop kypte de bus om, de sleat yn.
De sjauffeur is in 48-jierrige ynwenner fan Wassenaar. Alle passazjiers hawwe slachtoffershelp oanbean krigen.