Slachtofferhelp siket help
Slachtofferhelp Noard-Nederlân siket driuwend frijwilligers foar de ôfdieling Ljouwert. Dêr binne de lêste tiid ferskate frijwilligers ophâlden. No is der in tekoart ûntstien fan op syn minst seis frijwilligers. Op de webside www.slachtofferhulp.nl kinne minsken harren opjaan.
Dêr stiet ek mear ynformaasje oer it wurk.