Lêste PC foar Van der Wei

Folkert van der Wei hat woansdei syn lêste PC ôfsletten mei in teloarstellend ferlies yn de twadde omloop. Mei Menno van Zwieten en Hans Wassenaar ferlear Van der Wei de twadde partij mei 5-0 en 6-4 fan Jelte-Pieter Dijkstra, Herman Sprik en Sjoerd de Jong. Yn de earste omloop waard noch oertsjûgend mei 5-2 en 6-4 wûn fan Enno Kingma, Dylan Drent en Rick Poortstra.
Folkert van der Wei wist de PC yn 2003 en 2009 te winnen. Boppedat waard er in kear twadde en trije kear tredde op it Sjûkelân.