Sporre nije Feandirekteur

31 jul 2013 - 15:22

Gaston Sporre wurdt de nije direkteur fan SC Hearrenfean. Sporre krijt de taak de klup sa gau mooglik wer op de rails te setten. De klup ferwachtet foar kommend jier in tekoart tusken de fjouwen en seis miljoen euro. De wearde fan de spilers is ek minder wurden.

Sporre is gjin ûnbekende yn de fuotbalwrâld. Hy wie jierrenlang foarsitter fan FC Zwolle en aktyf binnen de KNVB. Hy is ek in goede bekende fan Riemer van der Velde. De ried fan kommissarissen woe gau in nije direkteur beneame, ek omdat it kommende wykein it fuotbalseizoen begjint.

Ferline wike makke in ûndersykskommisje ûnder lieding fan Jos Vaessen bekend dat der gjin draachflak mear is foar de noch sittende direksje en de al opstapte ried fan kommissarissen. It is de bedoeling dat de skriuwers fan it rapport oer SC Hearrenfean, Jos Vaessen en Lense Koopmans, it nije stichtingsbestjoer formearje sille. Sporre sil him foaral konsintrearje op it wer sûn meitsjen fan it fuotbalbedriuw.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)