Bauke-en-dy ferlieze fan Taeke

It partoer fan Bauke Triemstra, Alle Jan Anema en Hendrik Kootstra rêde it yn de earste omloop fan de PC net op tsjin it partoer fan Gert-Anne van der Bos, broer Taeke Triemstra en Daniël Iseger. Foarôf waard in soad ferwachte fan de wedstriid tusken de twa favorite partoeren, mar echt hiel spannend waard it net. It partoer fan Gert-Anne van der Bos pakte al gau in foarsprong en om dy net mear út hannen te jaan. Van der Bos-en-dy wûnen mei 5-2 en 6-2 sûnder yn problemen te kommen.
Sjoch op Omrop Fryslân Teletekst 720 en fierder.
De oaren dy't troch binne nei de twadde omloop binne de partoeren Tolsma, Van der Meulen, Dijkstra, Van Zwieten, Zijlstra, Bakker en Steensma.