Nije direkteur SC Hearrenfean

31 jul 2013 - 14:11

Woansdei wurdt bekend wa't de nije direkteur fan SC Hearrenfean wurdt. Om fjouwer oere wurdt it personiel fan de fuotbalklup op de hichte brocht en dêrnei wurdt it nijs iepenbier makke. De nije direkteur wurdt de opfolger fan Robert Veenstra. Dy stapte koartlyn op fanwege in protte krityk op syn funksjonearjen. Foarsitter Boele Staal fan de rie fan kommissarissen fan SC Hearrenfean sil it personiel woansdei ynformearje.

It ôfrûne wykein sei trainer Marco van Basten dat hy it fan grut belang fynt dat der gau in nije direkteur komt.

In nije direkteur is nedich om besluten nimme te kinnen oer it oanlûken en ferkeapjen fan fuotballers. SC Hearrenfean is noch mei in pear spilers oan de gong,en kin sadwaande net lang sûnder direksje, sa sei Van Basten.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)