Trije fytsedieven oanhâlden

31 jul 2013 - 14:10

Trije famkes fan 13 jier binne ôfrûne nacht op It Hearrenfean oanhâlden foar it stellen fan fytsen. De plysje hie in melding krige oer de stellerij en seach de famkes fytsen in fytstunneltsje. Se bekenden al frij gau dat se twa fan de trije fytsen meinaam hiene, by it busstasjon en it gemeentehûs. Neffens de famkes stiene se net op slot.

De famkes binne meinaam op it plysjeburo. Neidat se in ferklearring ôflein hiene, waarden se oerdroegen oan de âlden dy't dêr ek wiene. De plysje besiket de eigeners fan de stellen fytsen te achterheljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)