Burgumer mei pistoal oanhâlden

Pistoal © Omrop Fryslân
De plysje op De Jouwer hat tiisdeitejûn in 24-jierrige Burgumer oanhâlden omdat de man in pistoal by him hie. De plysje krige in melding oer in ynbraak yn in hûs oan de Westermarwei. Doe't de plysje oankaam, die bliken dat de man tydlik yn it hûs wenne. Under it praten seagen de plysjes twa patroanhâlders op in tafel lizzen. De man hie it pistoal yn in holster by him.
Ek hie de man in buske pepperspray by him. De plysje hat de man meinaam nei it buro om de saak fierder te ûndersykjen.