Oarkonde foar jubilearjende PC

31 jul 2013 - 09:27

It bestjoer fan de PC yn Frjentsjer hat woansdei in oarkonde krigen fan it provinsjaal bestjoer, fanwege it 160-jierrich bestean fan it keatsevenemint. By de tradisjonele taspraak fan foarsitter Johannes Westra fan de PC wie tiid ynromme foar kommissaris fan de Kening John Jorritsma.

Hy brocht de lokwinsken oer oan it PC bestjoer en referearde der yn syn taspraak oan dat de PC âlder is as de Tour de France, it tennistoernoai fan Wimbledon en de moderne Olympyske Spelen.

Jorritsma sitearde fierder âld-foarsitter Bijlsma, dy't de PC altyd in 'bjusterbaarlike dei' neamde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)