Mollema wint yn Surhústerfean

30 jul 2013 - 21:25

Bauke Mollema is tiisdeitejûn de winner wurden fan de 32e Profronde fan Surhústerfean. Yn in spannende einsprint wist Mollema Tourwinner Chris Froome op de einstreek mei in bândikte foar te bliuwen. Lieuwe Westra fan De Tynje kaam as tredde oer de streek. Mollema, Westra en Froome wisten krekt foar de ein te ûntsnappen út it peloton. Tom Jelte Slagter en Tom Veelers sieten ek yn dy kopgroep.

De 32e edysje fan de Ronde fan Surhústerfean waard in wietenien. Pas oan de ein fan de wedstriid klearre it wer wat op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)