Froonackerdyk yn simmer ticht

30 jul 2013 - 17:20

De Froonackerdyk (N384) fan Winsum nei Frjentsjer is fan 12 augustus oant 20 septimer ôfsluten foar alle ferkear. De provinsje leit dêr nij asfalt en bermferhurding oan. It ferkear wurdt omlaat oer de A31 en de N359. De omliedings wurde mei buorden oanjûn.

Salang''t de ôfsluting duorret, rydt bus 33 oer Spannum en Tsjom nei Frjentstjer. Foar reizgers út Winsum, Wjelsryp en Baaium wurdt in taksybus ynset. Fytsers en kuierders kinne wol gebrûk meitsje fan de dyk.

Trefwurden: 
Winsum Froonackerdyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)