Fjirde SKS-sege Sneker Pan

30 jul 2013 - 16:07
  • Ynhelwedstriid Wâldsein
  • Ynhelwedstriid Wâldsein
  • Ynhelwedstriid Wâldsein
  • Ynhelwedstriid Wâldsein

De twadde ynhelwedstriid by Wâldsein is tiisdeimiddei in proai wurden foar de Sneker Pan. It is al wer de fjirde oerwinning foar skipper Douwe Visser, dy't mei 18,6 punten oan kop giet yn it klassemint. It protest tsjin Snits fan de nûmer twa Grou waard ôfwiisd. De Snitsers soene neffens Grou de ûnderste tonne rekke hawwe. De sjuery konkludearre lykwols oars. It tredde plak wie foar de Gerben van Manen fan It Hearrenfean.

It skûtsje fan Langwar ferliet de wedstriid mei averij, mar wûn wol it stjoerboard-bakboard protest tsjin Boalsert.

De útslach fan de twadde ynhelwedstriid by Wâldsein:
1. Snits, 2. Grou, 3. It Hearrenfean, 4. Earnewâld, 5. Drachten, 6. De Lemmer, 7. De Jouwer, 8. Heale Moanne, 9. Súdwesthoeke, 10. Ljouwert, 11. Wâldsein. 13. Huzum, 14. Boalsert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)