Ald sipelras komt werom

De âlde Fryske sipel komt werom, as it oan Tjerk Nagel fan Konaxx Onions fan Sint Jabik leit. De Fryske sipel is ferneamd om syn goede kwaliteit. Hy bliuwt lang goed. Troch ûntwikkelings yn de lânbou is de opbringst sipels de bunder grûn sakke. Dat hie ek konsekwinsjes foar de kwaliteit.
Nagel is mei fiif Fryske tylders in projekt begûn om de bettere sipels werom te krijen. It lân dêr't dy op stean, wurdt minder bewurke, de sipels krije minder keunstmest en se wurde letter út de grûn helle.
Op it stuit stiet der 60 bunder Fryske sipels. Dat moat yn fiif jier tiid útgroeie nei 150 of mear.