Dôfhûdige drankrider wer pakt

© ANP XTRA
In 31-jierrige automobilist út Reduzum is yn de nacht fan moandei op tiisdei op de Drachtsterwei yn Ljouwert pakt foar riden mei drank op. Dat wie de tredde kear yn fiif jier tiid. De man krige in rydferbod en in bekeuring. Boppedat moat er meidwaan oan it alkoholslotprogramma van it CBR.
Op de Bleekleane yn Ljouwert waard in oare drankrider trapearre. Dêr gie it om in 18-jierrige snorfytser mei in slok tefolle op.