Oerlêst troch dronken frou

© Omrop Fryslân
In 20-jierrige dronken frou út Ljouwert hat tiisdeitemoarn betiid foar in soad oerlêst soarge yn de Feytsmastrjitte. Se raasde de hiele strjitte wekker en de buorlju bellen de plysje. Dy kaam en stjoerde de frou nei hûs ta, mar dat woe se net.
De frou is oanhâlden en meinaam nei it buro. Se hat in bekeuring krigen foar it fersteuren fan de iepenbiere oarder en foar it feit dat se har net legitimearje koe.