Westra net nei Denemarken

Lieuwe Westra © ANP
Lieuwe Westra docht net mei oan de Ronde van Denemarken. Dat hat er tiisdei bekend makke. De etappekoers yn Denemarken begjint woansdei. Ferline jier wûn Westra de wedstriid. Tegearre mei syn ploechlieder hat er besletten dat er noch net fit genôch is om te starten. De fal yn de Dauphiné en de swiere Tour de France hawwe deryn houd. Hy hopet dat er yn de Eneco Tour wer goed prestearje kin.
Westra stiet tiisdeitejûn wol oan de start fan de Profronde fan Surhústerfean. Boppedat sit de Tynster yn de foarseleksje foar de Ronde fan Spanje.