Man oppakt mei wapen en parfum

21 jan 2012 - 14:32

Op de A6 by Bantegea hat de plysje freedtenacht in 24-jierrige man út Almere oanhâlden foar ferbean wapenbesit. De man waard oanhâlden foar kontrôle op de sneldyk. Dêrby die bliken dat er noch in boete betelje moast. De plysjeminsken seagen doe op de achterbank in grutte doaze parfumfleskes stean. Doe't er fouillearre waard, waard in fjoerwapen fûn en in grut bedrach oan jild.

De man is foar neier ûndersyk nei it plysjeburo brocht. De parfum, it jild en it fjoerwapen binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
wapen parfum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)