Potfisk Skylge is dea

29 jul 2013 - 19:47
  • Potfisk oanspield op Skylge

De potfisk dy't moandeitemiddei yn de brâning fan Skylge telâne kaam, is dea. Troch it lege wetter drukte it eigen gewicht op de organen fan de potfisk. Dat is it 15 meter lange en tonnen swiere bist nei alle gedachten fataal wurden. De hiele middei binne meiwurkers fan SOS Dolfijn en rederij Noordgat dwaande west om de potfisk te rêden.

Mei heech wetter wurdt de potfisk mooglik yn de nacht fan moandei op tiisdei nei Harns brocht om dêr fierder ûndersocht te wurden.

By de rêdingsaksje fan de potfisk waard foar it earst it nije protokol foar rêding fan grutte fisken folge. Dat hâldt yn dat it ministearje fan ekonomyske saken de lieding hat. In koördinator op it eilân soarge derfoar dat de regels fan it protokol folge waarden. De plysje hâldt de potfisk op it strân yn de gaten. Fanwege de amber yn it bist is de potfisk in soad jild wurdich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)