Skûtsje Snits wint alwer

29 jul 2013 - 15:53

It skûtsje fan Snits is moandei foar de tredde kear op rige earste wurden. Dat wie by Wâldsein. It wie in striid mei in soad wyn en in soad protesten. Twadde waard Boalsert en tredde De Lemmer.

De oare skippen finishten yn dizze folchoarder: De Jouwer (4), de Súdwesthoeke (5), Drachten (6), Ljouwert (7), Drachten (8), Earnewâld (9), Huzum (10), Langwar (11), Wâldsein (12). Grou en It Hearrenfean waarden beide 14e.

Snits stiet boppe-oan yn it klassemint

It protest fan Drachten tsjin It Hearrenfean om te min romte by de boei waard tawiisd. It Hearrenfean krige ûngelyk yn it protest tsjin Drachten oer in oare situaasje. It Earnewâld wûn it protest tsjin Grou. It protest fan De Jouwer tsjin Grou foar in stjoerboard-bakboard-kwestje waard terjochte ferklearre. Dêrom krigen It Hearrenfean en Grou 14 punten en Drachten in trochsneed fan alle wedstriden. Tiisdei binne twa ynhelwedstriden, ek wer op de Hegemermar by Wâldsein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)