Fragen CDA oer SC Hearrenfean

© awfoto.nl
De CDA-fraksje fan It Hearrenfean wol fan B en W witte yn hoefier oft de gemeente finansjeel ferbûn is oan SC Hearrenfean. Nei oanlieding fan it ûndersyksrapport nei de gong fan saken by de fuotbalklup set it CDA fraachtekens by de finansjele relaasje tusken de gemeente en de klup.
Yn it ûndersyk fan de kommisje-Koopmans-Vaessen docht bliken dat de klup der op it stuit noch finansjeel goed foar stiet, mar de takomst sjocht der min út. De begrutting foar 2013/2014 komt út op in ferlies fan fan 4 miljoen, benammen troch minder sponsorjild.