Tilburg baas oer Flyers

21 jan 2012 - 12:54

De iishockeyers fan de Friesland Flyers moasten op it eigen iis belies jaan tsjin Tilburg. Fia de perioadestannen 1-2, 1-2 en 0-2 gie de winst mei 6-2 nei de Brabanners. Yn it begjin fan de twadde perioade makke Brent Jansen de 2-3 en like it spannend te wurden, mar doe't fuortdaliks de 2-4 foel siet de wedstriid op slot.

De Friesland Flyers bliuwe troch dit ferlies op it fiifde plak stean. Snein spylje de Flyers yn en tsjin Amsterdam.

Trefwurden: 
Flyers iishockey
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)