Sulver Fryske toulûkfroulju

De Nederlânske froulju hawwe snein in sulveren medalje wûn by it toulûken op de World Games yn Cali, Kolombia. Dat binne de Olympyske Spelen foar net-Olympyske sporten. Yn it toulûkteam kamen Aaltje Nieuwland út Jubbegea en Grietje Stoker út Wurdum yn aksje.
It Nederlânske team hat ôfrûne wykein trije medaljes byinoar sammele. By it toulûken wie der goud foar de manlju. By it ûnderdiel Lifesaving, rêdingsswimmen, hellen de froulju brûns.