Welcome to the Village súkses

28 jul 2013 - 21:18

It festival Welcome to the Village yn rekreaasjegebiet Griene Stjer by Ljouwert sil takom jier wer organisearre wurde. De organisaasje is tige tefreden oer it ferrin fan de earste edysje fan it festival. It festival is twa kear stilset. It terrein moast fanwege it minne waar ûntromme wurde. Dat slagge sûnder problemen. De festivalgongers binne tydlik ûnderbrocht op de kemping by de Griene Stjer of by Aqua Zoo.

Mei-inoar kamen der fjouwertûzen minsken op ôf. Sy koene by tal fan poadia genietsje fan bands, dichters of oare optredens.

De twadde edysje fan it festival sil takom jier plakfine op 18, 19 en 20 july.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)