Fjochterij op Noardkade

28 jul 2013 - 12:42

Trije manlju út Drachten binne sneontejûn oanhâlden yn it eigen wenplak. Se wurde fertocht fan mishanneling by fjochterij op de Noardkade. By de slaanderij wiene ferskate persoanen belutsen. De plysje kaam mei meardere ienheden om de saak del te bêdzjen.

De fertochten binne 19, 22 en 25 jier. Se sitte fêst op it plysjeburo foar ûndersyk.

Trefwurden: 
Noardkade fjochterij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)