Man slacht minsken op Nijstêd
Op de Nijstêd yn Ljouwert is sneontenacht in man fan 19 oanhâlden troch de plysje, omdat hy meardere minsken slein hie. Ek by de oanhâlding wie de man noch agressyf. Uteinlik koe hy yn de boeien slein wurde en waard 'er meinommen nei it plysjeburo. In frou fan 18 út Ljouwert waard ek arresteard, omdat sy de plysjes hindere by de oanhâlding. Tsjin beide wurdt proses-ferbaal opmakke. It is noch ûndúdlik wêrom't de man begong te slaan.