Van Basten: "Wij zijn de dupe"

Trainer Marco van Basten makket him soargen oer it nije seizoen. Dat seit de Hearrenfeantrainer nei oanlieding fan it rapport dat freed presintearre waard. Neffens Van Basten moat der op koarte termyn wer fuotbalferstân binnen de klup komme, no't Hansma wierskynlik fuort giet: "Op deze manier zijn wij als voetbalbedrijf hier de dupe van. Ik heb ook aangegeven dat ik vind dat er altijd voetbalverstand binnen de club moet zijn. We zijn met nog wat spelers bezig, maar ik weet niet wie daar nu de verantwoordelijkheid voor neemt."
Freed presintearre de kommisje Koopmans-Vaessen in rapport wêryn't dúdlik waard dat der gjin draachflak is foar technysk direkteur Johan Hansma. Alle partijen ha ôfsprutsen dat it advys fan de kommisje binend is en dus kin oannaam wurde, dat Hansma ophâldt as technysk direkteur. Hansma wie net berikber foar kommentaar.