Ferlies foar Cambuur

SC Cambuur © Omrop Fryslân
Cambuur hat de lêste oefenwedstriid foar it begjin fan it nije seizoen mei 2-0 ferlern fan it Turkske Elazigspor. Cambuur begûn hiel goed oan de wedstriid, kreëarde ek in oantal kânsen mar dy waarden net benut. De ein fan de earste en it begjin fan de twadde helte wie net goed fan de Ljouwerters en yn de 51e minút kaam Elazigspor op in 1-0 foarsprong. Yn de lêste minút waard de einstân noch bepaald op 0-2. Cambuur begjint op snein 4 augustus oan it aventoer yn de earedivyzje, mei in thúswedstriid tsjin NAC Breda.