De Frije Wiken is iepene

27 jul 2013 - 16:45

Yn Ketlik is sneon ien fan de njoggen nije buorden fan De Frije Wiken offisjeel ûntbleate, in gearwurkingsferbân fan 14 doarpen yn Súdeast Fryslân. It giet om bygelyks De Gordyk, Jobbegea, Lippenhuzen en Aldeberkeap. Dat ferbân is twa jier lyn betocht, om it súdeasten fan de provinsje mear ûnder de oandachte bringen by toeristen. De buorden steane by de belangrykste provinsjale en gemeentlike diken en by de Turfrûte. Yn it gebiet wurdt ek in kuiernetwurk oanlein. Ek it earste pealtsje dêrfan is sneon presintearre.

De gemeente Hearrenfean hat foar de oanlis al wol jild útlutsen, mar de echte oanlis moat noch dien wurde troch lânskipsbehear Fryslân. Yn de Frije Wiken wurdt oantemei 3 augustus de Wike fan de Frije wiken organisearre, mei tal fan aktiviteiten.

Trefwurden: 
De Frije Wiken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)