Frysk sukses op WMC

27 jul 2013 - 16:36
  • Sjueryfoarsitter Jan de Haan

Dirigint Andries de Haan fan Jirnsum is mei muzykferiening Excelsior fan Grijpskerk wrâldkampioen wurden yn de tredde divyzje foar fanfares. Op it WMC yn Kerkrade wûn de feriening mei in stik dat skreaun is troch de Fryske komponist Jan de Haan fan Oranjewâld. It giet om 'De Ruigewaard', dat De Haan yn opdracht fan Excelsior skreau. De komponist liet him by it skriuwen ynspirearje troch Gregoariaanske muzyk út de trettjinde ieu. It muzykkonkoers yn Kerkrade is it grutste evenemint op it mêd fan blaasmuzyk.

It WMC duorret fjouwer wiken en lûkt sa'n 650.000 besikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)