Natuer werom yn polder

27 jul 2013 - 13:31

In grut stik boerelân tusken Wolvegea en Aldeholtpea is feroare nei natuergebiet. Dizze Scheltingapolder sit tsjin in besteand natuerterrein fan It Fryske Gea oan en makket diel út fan de saneamde ekologyske haadstruktuer. De nije ynrjochting moat soargje foar in mear fariearre lânskip. Op guon plakken is bygelyks de fruchtbere lânbougrûn fuorthelle, sadat earme sângrûn bleat komt te lizzen. Dêr moatte spesifike planten en bisten werom komme.

De wetterstân yn de polder giet ek nei ûnderen, nei it nivo fan de Linde.

By hegere wetterstannen komt it gebiet ûnder wetter te stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)