Utslaande brân yn hûs yn Warns

27 jul 2013 - 12:31

In hûs oan de Boppelâns yn Warns is sneontemoarn swier skansearre rekke by in brân. Doe't de brânwacht kaam, wie it al in útslaande brân. Mei help fan in heechwurker fan it korps Boalsert wie de brânwacht it fjoer úteinlik de baas. Under it blussen krigen guon omwenners brún wetter út de kraan. Dat is wer oplost.

Trefwurden: 
brân Warns
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)