Swier waar: fan it wetter ôf

27 jul 2013 - 11:25

Piet Paulusma hat minsken sneontemoarn mei klam oproppen om fan it wetter ôf te kommen. Om 13.00 oere hinne soene swiere buien mei rein, tonger en hagel, wynstjitten it suden fan ús provinsje ynkomme. De skûtsjes fan de SKS wachten earst it waar ôf. It KNMI hie foar it grutste diel fan Nederlân koade oranje ôfjûn foar it skoft tusken 12.00 en 14.00 oere. Koade oranje stiet foar ekstreem waar, dat gefaarlik wêze kin en ta skea en ûngelokken liede kin.

De skûtsjes moatte sneon sile by Starum. Om 14.00 oere besleat de wedstriidkommisje dat de skûtsjes it wetter op kinne. Hoe let de start is, is noch net bekend. Ek oare eveneminten hawwe lêst fan it waar. It keatsen yn Seisbierrum is bygelyks stillein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)