Berltsumer Gieltsje populêr

26 jul 2013 - 20:28
  • De itensbank yn Boalsert wol graach ierappels

It giet goed mei it Beltsumer Gieltsje. In pear jier nei de heryntroduksje fan it ierappelras sit it tal ferkeappunten bot yn de lift. It gieltsje wie ferline jier noch mar yn ien winkel te finen, mar dit jier binne dat der al sân. As dat goed giet wurdt it tal ferkeappunten noch fierder útwreide.

Foar de bruorren Smits, dy't it ras werom brocht hawwe nei goed 30 jier ôfwêzigens, is dat in grut sukses. Se hawwe dit jier foar it earst in folsleine bunder mei gieltsjes yn de grûn setten en dat soe takom jiernoch wol mear wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)