Soad kontrôles op it wetter

26 jul 2013 - 17:15

De plysje en provinsjale wettersteat ha it dizze wiken smoardrok mei kontrôles op it wetter. Der farre in soad minsken om dy't har net oan de regels hâlde. Dêrtroch kinne gefaarlike sitewaasjes ûntstean. Opfallend is dat in soad minsken faak net iens wítte wat de regels op it wetter binne. Se farre hurd op plakken dêr't it net mei en hâlde gjin stjoerboard oan op kanalen.

Foar dy oertredings dielt de provinsjale wettersteat de measte boetes út. Sy hâlde tegearre mei de plysje tafersjoch op de Fryske wetters.

It wurkgebiet fan de tafersjochhâlders konsintrearret him dizze wiken foaral om de plakken fan de skûtsjesylwedstriden hinne. Underweis nei Ealahuzen komme de meiwurkers fan de provinsjale wettersteat freed hast gjin oertreders tsjin. Mar dat wie de lêste dagen wol oars. De plysje hat tongersdei noch tsien skippers op de bon slingere en woansdei tweintich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)