Foto-eksposysje oer stedsrânen

De útstalling Bulldozers en Bloednoazen is freed iepene yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert. It giet om in foto-eksposysje oer de stedsrânen fan Ljouwert. De foto's wurde ek publisearre yn in boek. Abe de Vries is de fotograaf en makke nêst de foto's ek fjouwer gedichten foar it fotoboek.
Hy is de fjirde fotograaf dy't op inisjatyf fan it HCL de ynwenners en besikers fan de stêd op in eigensinnige wize fêstleit. Eardere eksposysjes hiene as tema: Ljouwert fan it wetter ôf, De supporters fan Cambuur en It sintrum fan de stêd.