Foarstel foar nije struktuer

26 jul 2013 - 16:15

Undersikers Jos Vaessen en Lense Koopmans fine dat de SC Hearrenfean in saneamde one-tier board krije moat fan sân minsken dy't alle belangrike besluten mei-inoar nimme. Yn dat nije bestjoer sitte dan fjouwer bestjoerders op ôfstân, wêrûnder de nije foarsitter, en trije útfierende direksjeleden. Wat Vaessen en Koopmans oangiet komme der sân nije minsken yn de nije board, want de sittende direkteuren hawwe gjin draachflak.

Prosesbegelieder Tjeerd van der Zwan fynt Vaessen en Koopmans tige geskikt foar it formearjen fan dat nije bestjoer.

Van der Zwan wol earst alle geledingen binnen de sportklup de kâns jaan om har eigen miening oer it rapport te foarmjen, mar wol sa gau mooglik los, wat him oanbelanget al nei in wike.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)