Hurde krityk fan ûndersikers

26 jul 2013 - 16:07
  • De parsekonferinsje fan de ûndersykskommisje

De kommisje dy't ûndersyk dien hat nei de situaasje by SC Hearrenfean komt mei bikkelhurde krityk. Al sûnt 2006 gie it de ferkearde kant op mei de klup, sa oardielje Vaessen en Koopmans. De ambysjes en de salarissen wiene te heech, grutte ferliezen by de klup waarden akseptearre. Doe't Robert Veenstra yn 2010 direkteur waard moast der flink saneard wurde.

Veenstra is der net yn slagge om de meiwurkers oan syn kant te krijen en der ûnstie in sfear fan yntimidaasje en eangst. Ek skeat Veenstra tekoart yn syn relaasjes mei sponsoaren en fans.

De ûndersykskommisje advisearret de twa oerbleane direkteuren Joost Steppé en Johan Hansma om op te stappen. Itselde jildt foar it stiftingsbestjoer. De klup stiet der op it stuit noch finansjeel goed foar, mar de takomst sjocht der min út. De begrutting foar 2013/2014 komt út op in ferlies fan fjouwer miljoen euro. Grutste reden is it werom rinnen fan sponsorjild. Neffens de ûndersykskommisje is SC Hearrenfean in negative útsûndering yn de earedivyzje. De swakke kommersjele ôfdieling moat reorganisearre wurde en benammen ek better oanstjoerd wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)