Jou sponsors en fans ynspraak

Sportklup Hearrenfean docht der goed oan om yn de nije bestjoersstruktuer de sponsors en supporters mear ynspraak te jaan. Dat hat ûndersiker Jos Vaessen freed sein by de presintaasje fan it ûndersyk nei de problemen by SC Hearrenfean. As je de sponsors en supporters serieus nimme en in plakje jouwe yn it stichtingsbestjoer sille je folle minder gau ynterne opposysje krije, lykas de ôfrûne jierren it gefal wie.
SC Hearrenfean sit op dit stuit yn in soarchlike finansjele situaasje, benammen omdat in de klup in soad sponsors ferlern hat.
Hearrenfean docht it finansjeel min, ek yn fergelyk mei oare klups, sizze Vaessen en Koopmans. De lieding fan SC Hearrenfean is 'gewoon slecht'. "Als je er een puinbak van wilt maken, moet je het zo doen", sei Lense Koopmans op de parsekonferinsje.
De ûndersykskommisje hat de ôfrûne fjouwer wike 41 belutsenen ynterviewd. Ek âld-foarsitter Riemer van der Velde en Foppe de Haan waarden ynterviewd. De nije direksje docht der goed oan om mei dit duo goeie ôfspraken te meitsjen, sadat net op nij de twaspjalt ûntstiet, lykas dy ûntstie tusken âld-direkteur Robert Veenstra en Riemer van der Velde. De ûndersykskommisje is wol fan betinken dat Veenstra en ek de sittende direksje bysûnder ûnsoarchfâldich mei Riemer van der Velde omgien is. Sa waard der tige negatyf oer Van der Velde skreaun yn klupblêd 'The Corner', in koördinearre aksje fan direksje, foarsitter en de skriuwer fan it artikel. Vaessen en Koopmans fine dan ek dat der gjin draachflak is foar de sittende direkteuren Johan Hansma en Joost Steppé. Sy kinne net bliuwe.
De advizen fan Vaessen en Koopmans binne binend. Alle geledingen binnen de klup hawwe tasein dat se har oan de advizen hâlde sille. Dat moatte se ek dwaan, seit boargemaster Van der Zwan, want allinnich dan kin de ienriedigens by de klup wer werom komme. Boargemaster Van der Zwan stelt foar dat Jos Vaessen en Lense Koopmans oer in wike in formaasjeopdracht krije foar in nije 'board' foar SC Hearrenfean, as opfolgers fan de opstapte ried fan kommissarissen.