Plysje Snits brûkt pepperspray

26 jul 2013 - 14:57

De plysje hat tongersdeitejûn mei in soad muoite twa manlju út Snits oanhâlde kinnen. Der moast pepperspray oan te pas komme om in twa Snitsers fan 31 en 35 jier de baas te wurden. De jongste man waard socht foar mishanneling. Doe't de plysje him fytsen seach, naaide er út. Op it Grutsân koe er oanhâlden wurde. Dêrby ûntstie in wrakseling.

In 35-jierrige stedsgenoat bemuoide him mei it plysjewurk. Ek hy krige spul mei de aginten en waard oanholden. Beide manlju sitte foarearst fêst.

Trefwurden: 
mishanneling pepperspray
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)