Doarpstún Haulerwyk bloeit

De Tuin der Mogelijkheid fan Haulerwyk bloeit. De tún leit yn it park oan de râne fan it doarp. In jier lyn wie dit diel fan it park noch oerwoekere troch túch, mar no is der in bloeiende doarpstún fan makke mei blommen, grienten en fruit. It inisjatyf om de 'Tuin der Mogelijkheid' te ûntwikkeljen komt fan Conny Ruigrok, in ynwenner fan Haulerwyk.
It moat de gearwurking en de ienriedigens tusken de ynwenners fergrutsje. Der binne no sa'n 15 minsken yn de tún oan it wurk. Sûnt twa wiken wurdt de earste grienten ferkocht.