Thialf en provinsje yn berop

26 jul 2013 - 12:06

De belutsen partijen foar it nije Thialf geane yn berop tsjin it beslút fan de KNSB om de nije topsportlokaasje ta te wizen oan Icedôme yn Almere. Kommissaris fan de Kening John Jorritsma hat dit freed bekend makke. Fryslân en Thialf sille 'alle rjochtsmiddels' ynsette, sa seit Jorritsma. De provinsje Fryslân sil ûndersykje oft de provinsje ek yn 'e mande mei Zoetermeer in proseduere tsjin de foarriedige gunning oan Icedôme begjinne kin.

Thialf moat him foar sa'n proseduere melde by de rjochtbank yn Utrecht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)