SC Hearrenfean: rekonstruksje

26 jul 2013 - 11:24

De takomst fan Sportklup Hearrenfean wurdt freedtemiddei dúdlik. Dan wurde de resultaten presintearre fan it ûndersyk dat dien is nei de gong fan saken binnen de klup. Jos Vaessen en Lense Koopmans hawwe de ôfrûne fjouwer wiken útsocht wat der ferkeard gie by de klup. Hoe koe it sa misgean by de oait sa rêstige fuotbalklup?

Vaessen en Koopmans ha petearen fierd mei alle belutsenen en de útkomsten dêrfan sille binend wêze. Der komt in advys oer de bestjoersstruktuer en hokker minsken dy funksjes ynfulle moatte.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)