Sven Kramer: mingde gefoelens

26 jul 2013 - 11:14

Reedrider Sven Kramer reagearret mei mingde gefoelens op it beslút fan de KNSB en NOC*NSF om Icedôme Almere de topsportstatus te jaan. Hy fynt it spitich foar Thialf, omdat er dêr opgroeid is. Oan de oare kant fynt er ek dat de baan en Fryslân de problemen oan harsels te tankjen ha. Thialf hat lang de tiid hân om aksje te ûndernimmen en no naait in oar mei de topsportstatus út.

Kramer soe graach sjen dat de topbaan dochs noch yn Fryslân komt, mar hy fynt it benammen wichtich dat der in nije lokaasje komt.

Trefwurden: 
Sven Kramer Thialf Icedôme
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)