Jonge drankrider (17) op Yndyk

Oanhâlden © Omrop Fryslân
In ynwenner (17) fan Enschede is tongersdei oppakt op fertinking fan poging ta swiere mishanneling, riden sûnder rydbewiis en it ferlitten fan it plak fan it ûngelok. Dat barde op Yndyk by Wâldsein. In foarbygonger sputs de jonge oan op syn rydgedrach en rûkte doe dranklucht. Hy gie foar de auto stean, mar de jonge joech gas en naaide út.
De foarbygonger koe op tiid oan kant springe en rekke net ferwûne. Hy warskôge de plysje. De auto en de jonge waarden weromfûn yn Wâldsein. De jonge waard oanhâlden en meinommen nei it plysjeburo.